1. Skaaloptimalisaasje
It bestjoer en belied wurde ôfstimd op de Fryske skaal en behoeften. Yn gearwurking mei boargers kin besletten wurde de omfang fan bestjoerlike ienheden en semy-oerheden oan te passen, sawol yn geografyske as yn personiele sin.

2. Bestjoerlike emansipaasje
It Fryske folk is ûnder it Ramtferdrach oangeande de Beskerming fan Nasjonale Minderheden yn Nederlân en Dútslân erkend. Dêrmei binne der yn Nederlân twa lânseigen folken mei in juridyske status: it Nederlânske folk en it Fryske folk. Emsansipaasje fan beide folken is allinnich mooglik as beide folken sa likernôch itselde bestjoerlike foech mei elk harren eigen ynstânsjes hawwe.

3. Demokratisearring
Wy wolle it iepenbier bestjoer tichter by de mienskip bringe en demokratyske prosessen fersterkje. Dêrby heart ûnder mear it demokratisearjen fan bestjoersrieden fan semy-oerheidsynstânsjes, lykas wenningboukoöperaasjes, sikehuzen, enerzjybedriuwen en it iepenbier ferfier.

4. Eigenheid yn kultuer, taal en identiteit
Strukturele bestjoerlike feroaringen binne nedich om de posysje fan de Fryske taal, kultuer en identiteit as nasjonale minderheid fierder út te bouwen en te boargjen.

5. Boargermacht en partisipaasje
Wy stribje nei in iepenbier bestjoer wêryn’t boargers net allinnich rieplachte wurde, mar ek meibeslute oer beliedsfoarming en dielnimme oan de útfiering. Boargers krije mear ynfloed, mar dêr stiet ek ferantwurdlikens tsjinoer: wa’t meipraat, docht ek mei. Sa wurdt demokrasy net allinnich mear ynklusyf, mar ek mear mienskiplik.

6. Duorsumens en selsfoarsjenning
Fryslân wurdt sterker troch mear eigen regy oer enerzjy, iten, wenjen, mobiliteit en lânskip. Troch lokaal te kiezen en te produsearjen, wurde wy duorsumer en minder ôfhinklik fan eksterne belangen.

7. Fryslân en de wrâld
As selsbewuste regio wolle wy aktyf bydrage oan ynternasjonale gearwurking tusken steaten, autochtoane minderheden en Europeeske regio’s. Wy stribje dernei om ús eigen foech en autonomy te fersterkjen troch mear ynfloed op it bestjoer yn De Haach en Brussel. Troch gearwurking fersterkje wy ús eigen posysje én dy fan oare lytse autochtoane minderheden en regio’s.