Us doel

De tinktenk hat as doel om nei te tinken oer de mooglikheden fan bestjoerlike autonomy foar Fryslân.

Definysje fan bestjoerlike autonomy

Bestjoerlike autonomy kin in soad foarmen hawwe; fan kulturele autonomy oant in status aparte. Wy jouwe lykwols gjin fêste definysje. Wy wolle krekt dat mear Friezen har ferdjipje yn dit ûnderwerp. In breed ferskaat oan plannen en ideeën is nedich. Allinnich as it ûnderwerp begjint te libjen ûnder de Friezen, kin autonomy op ’e politike aginda komme. Sa fier binne wy no noch net.

Wat wolle wy?

Wy sjogge dat it hjoeddeistige bestjoerlike systeem yn Nederlân oan in update ta is. Wy leauwe dat besteande ûntefredenheid ombûgd wurde kin ta in positive ûntwikkeling. Wy pleitsje lykwols net foar in federale steat Nederlân. Us útgongspunt is dat de twa lânseigen folken, de Friezen en de Nederlanners, beide rjocht hawwe op in eigen bestjoer.

Wêr leauwe wy yn?

Wy hâlde ús fier fan partijpolityk. Wy leauwe yn it goede fan de minske. Wy hawwe fertrouwen dat Friezen sels goed neitinke kinne oer harren takomst. Wy steane yn in iuwenâlde tradysje fan demokratyske wearden, dy’t yn Fryslân in langere ûnûnderbrutsen tradysje hawwe as yn de rest fan Europa. Tagelyk leauwe wy sterk yn gearwurking en bruorskip.

Hoe wolle wy fierder?

Wy skriuwe neat foar en definiearje bestjoerlike autonomy net. Wy binne wol dúdlik oer ús kearnwearden; dat binne de dingen dy’t wy as tinktenk wichtich fine. Fansels fine wy it moai as oaren dy kearnwearden diele. Wy wolle aktiviteiten organisearje om it ûnderwerp op ’e aginda te setten en sa in brede groep Friezen te berikken.