Framework Convention for the Protection of National Minorities
De ‘Wet houdende goedkeuring door Nederland’ fan it yn 1995 te Straatsboarch ta stân kommen Europeesk Kaderverdrag inzake de bescherming van nationale minderheden (Stb. 2004, 681) is yn Nederlân allinnich fan tapassing ferklearre op de Friezen (akte fan oanfurdiging, 16 febr. 2005).
Hjirûnder folget in (net-offisjele) Frysktalige oersetting troch Sytze T. Hiemstra fan de offisjele Ingelsktalige Framework Convention for the Protection of National Minorities.

Ramtferdrach foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden*

Straatsboarch, 1 febr. 1995
De Lidsteaten fan de Rie fan Europa en oare Steaten dy’t dit Ramtferdrach ûndertekene
hawwe,
Oerwagende dat it doel fan de Rie fan Europa is it berikken fan in gruttere ienheid tusken syn leden mei it wyt om de idealen en begjinsels dy’t harren mienskiplik erfdiel foarmje, te beskermjen en te ferwêzentlikjen;
Oerwagende dat ien fan de wizen wêrop’t dat wyt neistribbe wurde moat, it hanthavenjen en it fierder ferwêzentlikjen fan de rjochten fan de minske en de fûnemintele frijheden is;
De winsk hawwende om in neiere útwurking te jaan oan de Ferklearring fan de Steatshaden en Regearingslieders fan de Lidsteaten fan de Rie fan Europa dy’t op 9 oktober 1993 te Wenen oannommen is;
It fêste foarnimmen hawwende om it bestean fan nasjonale minderheden op harren ûnderskate grûngebieten te beskermjen;
Oerwagende dat de ûntheisterings yn de skiednis fan Europa oantoand hawwe dat it beskermjen fan nasjonale minderheden fan wêzentlik belang is foar stabiliteit, demokratyske wissigens en frede yn dit wrâlddiel;
Oerwagende dat in pluralistyske en werklik demokratyske maatskippij net allinnich de etnyske, kulturele, linguistyske en religieuze (godstsjinstige) identiteit fan eltse persoan dy’t beheart ta in nasjonale minderheid, heart te earbiedigjen, mar likegoed gaadlike betingsten skeppe moat om dy identiteit ta utering te bringen, te beskermjen en te ûntwikkeljen;
Oerwagende dat it skeppen fan in klimaat fan ferdraachsumens en dialooch needsaaklik is om it mooglik te meitsjen dat it kulturele ferskaat net in boarne en in faktor fan ferdieldens is, mar in ferriking foar eltse maatskippij;
Oerwagende dat it ta stân bringen fan in ferdraachsum en woltierich Europa net allinnich ôfhinklik is fan gearwurking tusken Steaten, mar ek freget om gearwurking oer de grinzen hinne tusken lokale en regionale oerheden, sûnder ôfbrek te dwaan oan de grûnwet en de territoriale yntegriteit fan eltse Steat;
Mei it each op it Ferdrach foar de beskerming fan de rjochten fan de minske en de fûnemintele frijheden en de protokollen dêrby;
Mei it each op de ferplichtings oangeande it beskermjen fan nasjonale minderheden yn ferdraggen en ferklearrings fan de Feriene Naasjes en yn de dokuminten fan de Konferinsje oer Feiligens en Gearwurking yn Europa, benammen it Dokumint fan Keappenhaven fan 29 juny 1990;
It fêste foarnimmen hawwende om de begjinsels dy’t earbiedige wurde moatte en de ferplichtings dy’t dêrút folgje, te beskieden om yn de Lidsteaten en yn de oare Steaten dy’t Partij by dizze akte wurde, de effektive beskerming fan nasjonale minderheden en fan de rjochten en frijheden fan persoanen dy’t ta dy minderheid behearre, te garandearjen, yn it ramt fan de rjochtssteat, rekken hâldend mei de territoriale yntegriteit en nasjonale soevereiniteit fan steaten;
It fêste foarnimmen hawwende om de yn dit Ramtferdrach delleine begjinsels ta te passen troch de wei fan nasjonale wetjouwing en passend oerheidsbelied,
Binne it neikommende oerienkommen:

Titel I
Kêst 1
It beskermjen fan nasjonale minderheden en fan de rjochten en frijheden fan persoanen dy’t ta dy minderheden behearre, foarmet in wêzentlik ûnderdiel fan de ynternasjonale beskerming fan de rjochten fan de minske en leit sadwaande binnen it berik fan de ynternasjonale gearwurking.
Kêst 2
De bepalings fan dit Ramtferdrach wurde yn goetrou tapast, yn in geast fan begryp en ferdraachsumens en neffens de begjinsels fan goede neibuorskip, freonskiplike bannen en gearwurking tusken Steaten.
Kêst 3
1. Eltse persoan dy’t ta in nasjonale minderheid beheart, hat it rjocht om frij te kiezen om dêr al of net neffens behannele te wurden en mei gjin neidiel hawwe fan dy kar of fan it útoefenjen fan rjochten dy’t ferbân hâlde mei dy kar.
2. Persoanen dy’t ta nasjonale minderheden behearre, meie likegoed yndividueel as yn ’e mande mei oaren de rjochten útoefenje en de frijheden hawwe dy’t folgje út de begjinsels dy’t fêstlein binne yn dit Ramtferdrach.

Titel II
Kêst 4
1. De partijen ferplichtsje harren derta om oan persoanen dy’t ta nasjonale minderheden behearre, it rjocht op gelikensens foar de wet en fan gelikense beskerming troch de wet te garandearjen. Wat dat oanbelanget is eltse diskriminaasje op grûn fan it behearren ta in nasjonale minderheid ferbean.
2. De partijen ferplichtsje harren derta, dêr’t dat nedich is, passende maatregels te nimmen om op alle mêden fan it ekonomyske, sosjale, politike en kulturele libben folsleine en effektive lykweardigens te befoarderjen tusken persoanen dy’t ta in nasjonale minderheid behearre en dyjingen dy’t ta de mearderheid behearre. Wat dat oanbelanget hâlde se goed rekken mei de spesifike omstannichheden fan de persoanen dy’t ta nasjonale minderheden behearre.
3. De maatregels dy’t yn oerienstimming mei lid 2 nommen wurde, wurde net as in diskriminearjende hanneling beskôge.
Kêst 5
1. De Partijen ferplichtsje harren derta om de omstannichheden te befoarderjen dy’t foar persoanen dy’t ta nasjonale minderheden behearre, needsaaklik binne om harren kultuer yn stân te hâlden en ta ûntwikkeling te bringen en om de wêzentlike eleminten fan harren identiteit, nammentlik harren religy (godstsjinst), taal, tradysjes en kultureel erfgoed te bewarjen.
2. Unfermindere maatregels dy’t nommen binne as gefolch fan harren algemiene yntegraasjebelied, ûnthâlde de Partijen harren fan belied of praktiken dy’t rjochte binne op assimilaasje tsjin de wil fan persoanen dy’t ta nasjonale minderheden behearre, en beskermje sy dy persoanen foar elts optreden dat rjochte is op sok in assimilaasje.
Kêst 6
1. De Partijen stimulearje in geast fan ferdraachsumens en ynterkulturele dialooch en nimme effektive maatregels om fan wjerskanten respekt en ûnderling begryp en gearwurking fuort te sterkjen tusken alle minsken dy’t op harren grûngebiet wenje, likefolle wat harren etnyske, kulturele, linguistyske of religieuze identiteit is, benammen op it mêd fan ûnderwiis, kultuer en media.
2. De Partijen ferplichtsje harren derta passende maatregels te nimmen om persoanen te beskermjen dy’t bedrige wurde, diskriminearjende hannelings ûndergeane, te lijen hawwe fan fijânskip of geweld as gefolch fan harren etnyske, kulturele, linguistyske of religieuze identiteit.
Kêst 7
De Partijen steane yn foar it earbiedigjen fan it rjocht fan eltse persoan dy’t ta in nasjonale minderheid beheart, op frijheid fan freedsume gearkomste, frijheid fan feriening, frijheid fan mieningsutering en frijheid fan tinken, gewisse en religy (godstsjinst).
Kêst 8
De Partijen ferplichtsje harren derta om te erkennen dat eltse persoan dy’t ta in nasjonale minderheid beheart, it rjocht hat om syn of har religy (godstsjinst) of libbensoertsjûging ta utering te bringen en religieuze ynstellings, organisaasjes en ferienings op te rjochtsjen.
Kêst 9
1.De Partijen ferplichtsje harren derta om te erkennen dat it rjocht op frijheid fan mieningsutering fan eltse persoan dy’t ta in nasjonale minderheid beheart, mei omfettet de frijheid om opfettings te hawwen en ynformaasje en tinkbylden yn de minderheidstaal te ûntfangen en oer te dragen sûnder dat de oerheid dat yn de wei stiet en sûnder regaad te slaan op grinzen. De Partijen soargje der yn it ramt fan harren rjochtsstelsel foar, dat persoanen dy’t ta in nasjonale minderheid behearre, net diskriminearre wurde by harren tagong ta de media.
2. It earste lid behinderet de Partijen net om radio- en tillevyzje-omrop- of bioskoopûndernimmings sûnder diskriminaasje en op grûn fan objektive kritearia oan in fergunningstelsel te ûnderwerpen.
3. De Partijen behinderje net it oprjochtsjen en it gebrûk meitsjen fan printe media troch persoanen dy’t ta nasjonale minderheden behearre. Yn it wetlik ramt fan de radio- en tillevyzje-omrop soargje sy derfoar, foarsafier’t dat mooglik is en rekken hâldend mei de bepalings fan it earste lid, dat persoanen dy’t ta nasjonale minderheden behearre, de mooglikheid krije om har eigen media op te rjochtsjen en te brûken.
4. Yn it ramt fan harren rjochtsstelsel nimme Partijen passende maatregels om de tagong ta de media foar persoanen dy’t ta nasjonale minderheden behearre, te ferlichtsjen en om ferdraachsumens te befoarderjen en kultureel pluralisme mooglik te meitsjen.
Kêst 10
1. De Partijen ferplichtsje harren derta te erkennen dat eltse persoan dy’t ta in nasjonale minderheid beheart, it rjocht hat om frij en sûnder behindering syn of har minderheidstaal te brûken, yn it priveelibben en yn it iepenbier, mûnling en op skrift.
2. Yn gebieten dy’t fan âlds of dy’t manmachtich bewenne wurde troch persoanen dy’t ta nasjonale minderheden behearre, stribje de Partijen dernei, as dy persoanen dêrom freegje en dêr’t sok in fersyk yn in werklik ferlet foarsjocht, om, safier’t dat mooglik is, de betingsten te garandearjen dy’t it mooglik meitsje om de minderheidstaal te brûken yn relaasjes tusken dy persoanen en de bestjoerlike ynstellings.
3. De Partijen ferplichtsje harren derta om it rjocht fan eltse persoan dy’t ta in nasjonale
minderheid beheart, te garandearjen om daliks, yn in taal dy’t hy of sy ferstiet, op ’e hichte
brocht te wurden fan de reden foar syn of har arrestaasje en fan de aard en de reden fan in
tsjin him of har ynbrochte beskuldiging en om himsels of harsels yn dy taal te ferdigenjen, as
it nedich is mei fergeze help fan in tolk.
Kêst 11
1. Yn gebieten dy’t fan âlds manmachtich bewenne wurde troch persoanen dy’t ta in nasjonale minderheid behearre, stribje de Partijen dernei, yn it ramt fan harren rjochtsstelsel, ynklusyf, as soks fan tapassing is, oerienkomsten mei oare Steaten, en rekken hâldend mei harren spesifike omstannichheden, om fan âlds besteande plaknammen, strjitnammen en oare foar it publyk ornearre topografyske oantsjuttings ek yn de minderheidstaal oan te jaan as der foldwaande fraach nei sokke oantsjuttings is.
2. De Partijen ferplichtsje harren derta om te erkennen dat eltse persoan dy’t ta in nasjonale minderheid beheart, it rjocht hat om syn of har skaainamme (patronym) en foarnammen yn de minderheidstaal te brûken en it rjocht hat op offisjele erkenning dêrfan, neffens de yn harren rjochtsstelsel fêststelde betingsten (modaliteiten).
3. De Partijen ferplichtsje harren derta om te erkennen dat eltse persoan dy’t ta in nasjonale minderheid beheart, it rjocht hat om sichtber foar it publyk yn syn of har minderheidstaal tekens, opskriften en oare ynformaasje fan partikuliere aard te toanen.
Kêst 12
1. Yn dat ferbân jouwe de Partijen ûnder mear foldwaande mooglikheden foar it oplieden fan learkrêften en de tagong ta learboeken en meitsje se de kontakten tusken learlingen en learkrêften fan ferskillende mienskippen makliker.
2. De Partijen nimme, dêr’t dat fan tapassing is, maatregels op it mêd fan ûnderwiis en ûndersyk om de kennisse fan de kultuer, skiednis, taal en religy (godstsjinst) fan harren nasjonale minderheden, lykas dy fan de mearderheid, te kultivearjen.
3. De Partijen ferplichtsje harren derta gelikense kânsen te befoarderjen foar de tagong ta ûnderwiis op alle nivo’s foar persoanen dy’t ta nasjonale minderheden behearre.
Kêst 13
1. De Partijen erkenne dat persoanen dy’t ta in nasjonale minderheid behearre, it rjocht hawwe om yn it ramt fan harren ûnderwiisstelsel harren eigen partikuliere ûnderwiis- en opliedingsynstellings op te rjochtsjen en te behearen.
2. It útoefenjen fan dat rjocht liedt net ta finansjele ferplichtings foar de Partijen.
Kêst 14
1. De Partijen ferplichtsje harren derta te erkennen dat eltse persoan dy’t ta in nasjonale minderheid beheart, it rjocht hat om syn of har minderheidstaal te learen.
2. Yn gebieten dy’t fan âlds of dy’t manmachtich bewenne wurde troch persoanen dy’t ta nasjonale minderheden behearre, stribje de Partijen dernei, as dêr genôch fraach nei is, om derfoar te soargjen, safier’t dat mooglik is en yn it ramt fan harren ûnderwiisstelsels, dat persoanen dy’t ta dy minderheden behearre, foldwaande mooglikheden hawwe om de minderheidstaal te learen of om ûnderwiis yn dy taal te krijen.
3. It twadde lid fan dit kêst wurdt tapast ûnfermindere it learen fan de offisjele taal of it ûnderwizen fan dy taal.
Kêst 15
De Partijen skeppe de needsaaklike betingsten foar persoanen dy’t ta nasjonale minderheden behearre, om folweardich diel te nimmen oan it kulturele, sosjale en ekonomyske libben en yn iepenbiere oangelegenheden, benammen as dy harren reitsje.
Kêst 16
De partijen ûnthâlde harren fan maatregels dy’t de ferhâldings (proporsjes) fan de befolking yn gebieten dy’t bewenne wurde troch persoanen dy’t behearre ta nasjonale minderheden, feroarje en dy’t rjochte binne op it beheinen fan de rjochten en frijheden dy’t folgje út de begjinsels dy’t yn dit Ramtferdrach fêstlein binne.
Kêst 17
1. De Partijen ferplichtsje harren derta om gjin ynbrek te meitsjen op it rjocht fan persoanen dy’t ta nasjonale minderheden behearre, om bûten de grinzen frije en freedsume kontakten te lizzen en te ûnderhâlden mei persoanen dy’t legaal yn oare Steaten ferbliuwe, benammen mei dyjingen dêr’t se in etnyske, kulturele, linguistyske of religieuze identiteit of in kultureel erfgoed mei mien hawwe.
2. De Partijen ferplichtsje harren derta om gjin ynbrek te meitsjen op it rjocht fan persoanen dy’t ta nasjonale minderheden behearre, om diel te nimmen oan de aktiviteiten fan net-gûvernemintele organisaasjes, likegoed op nasjonaal as op ynternasjonaal nivo.
Kêst 18
1. De Partijen stribje dernei, dêr’t dat nedich is, om bilaterale en multylaterale oerienkomsten te sluten mei oare Steaten, benammen buorsteaten, om yn te stean foar it beskermjen fan persoanen dy’t ta de oanbelangjende nasjonale minderheden behearre.
2. As soks fan tapassing is, nimme Partijen maatregels om gearwurking oer de grinzen hinne oan te moedigjen.
Kêst 19
De Partijen ferplichtsje harren derta om de begjinsels dy’t yn dit Ramtferdrach fêstlein binne, te earbiedigjen en ta te passen mei, dêr’t dat nedich is, allinnich dy begrinzgings, beheinings of ôfwikings dy’t foarsjoen binne yn ynternasjonale juridyske akten, benammen it Ferdrach foar de beskerming fan de rjochten fan de minske en de fûnemintele frijheden, foarsafier’t dy fan belang binne foar de rjochten en frijheden dy’t folgje út de neamde begjinsels.

Titel III
Kêst 20

By it útoefenjen fan de rjochten en frijheden dy’t folgje út de begjinsels dy’t yn dit Ramtferdrach fêstlein binne, earbiediget eltse persoan dy’t ta in nasjonale minderheid beheart, de nasjonale wetjouwing en de rjochten fan oaren, benammen dy fan persoanen dy’t ta de mearderheid of ta oare minderheden behearre.
Kêst 21
Gjin inkelde bepaling fan dit Ramtferdrach mei sa útlein wurde as soe dy it rjocht ynhâlde om in aktiviteit út de wei te setten of in hanneling te ferrjochtsjen dy’t yn striid is mei de grûnbegjinsels fan it ynternasjonale rjocht en benammen mei de soevereine gelikensens, territoriale yntegriteit en politike ûnôfhinklikens fan Steaten.
Kêst 22
Gjin inkelde bepaling fan dit Ramtferdrach mei sa útlein wurde as soe dy beheinings oplizze of ynbrek meitsje op de rjochten fan de minske en de fûnemintele frijheden dy’t garandearre wurde kinne troch de wetten fan in Ferdrachslutende Partij of troch hokfoar oar ferdrach ek dêr’t er Partij by is.
Kêst 23
De rjochten en frijheden dy’t folgje út de yn dit Ramtferdrach opnommen begjinsels, foarsafier’t dy it ûnderwerp foarmje fan in soartgelikense bepaling yn it Ferdrach foar de beskerming fan de rjochten fan de minske en de fûnemintele frijheden of yn de Protokollen dêrby, moatte sa opfette wurde dat se strike mei de lêstbedoelde bepalings.

Titel IV
Kêst 24

1. It Komitee fan Ministers fan de Rie fan Europa hâldt tafersjoch op de útfiering fan dit Ramtferdrach troch de Ferdrachslutende Partijen.
2. De Partijen dy’t gjin Lid fan de Rie fan Europa binne, nimme neffens neier fêst te stellen betingsten (modaliteiten) diel oan it útfieringsmeganisme.
Kêst 25
1. Binnen in jier nei it fan krêft wurden fan dit Ramtferdrach foar in Ferdrachslutende Partij stjoert dy oan de Sekretaris-Generaal fan de Rie fan Europa folsleine ynformaasje oer de wetjaande en oare maatregels dy’t nommen binne, om de begjinsels út te fieren dy’t yn dit Ramtferdrach fêstlein binne.
2. Dêrnei stjoert eltse Partij oan de Sekretaris-Generaal, periodyk en hieltiten as it Komitee fan Ministers dêrom freget, alle fierdere ynformaasje ta dy’t fan belang is foar it útfieren fan dit Ramtferdrach.
3. De Sekretaris-Generaal stjoert de nei oanlieding fan dit kêst tastjoerde ynformaasje troch oan it Komitee fan Ministers.
Kêst 26
1. By it beoardieljen fan de fraach oft de troch de Partijen nommen maatregels tarikkend binne om stal te jaan oan de yn dit Ramtferdrach fêstleine begjinsels, wurdt it Komitee fan Ministers bystien troch in advyskomitee, wêrfan’t de leden erkende saakkundigens hawwe op it mêd fan it beskermjen fan nasjonale minderheden.
2. De gearstalling en de wurkwize fan dat advyskomitee wurde troch it Komitee fan Ministers fêststeld binnen in termyn fan in jier nei’t dit Ramtferdrach fan krêft wurden is.

Titel V
Kêst 27

Dit Ramtferdrach stiet foar de Lidsteaten fan de Rie fan Europa iepen om te ûndertekenjen. Oant de datum dat it Ferdrach fan krêft wurdt, stiet it likegoed iepen foar ûndertekening troch hokfoar oare Steat ek dy’t dêrta troch it Komitee fan Ministers útnoege is. It moat bekrêftige (ratifisearre), oanfurdige of goedkard wurde. De akten fan bekrêftiging (ratifisearring), oanfurdiging of goedkarring wurde dellein by de Sekretaris-Generaal fan de Rie fan Europa.
Kêst 28
1. Dit Ramtferdrach wurdt fan krêft op de earste dei fan de moanne dy’t folget op it ferstriken fan in tiidrek fan trije moanne nei de datum wêrop’t tolve Lidsteaten fan de Rie fan Europa harren ynstimming om troch it Ferdrach bûn te wurden, ta utering brocht hawwe konform de bepalings fan kêst 27.
2. Foar in Lidsteat dy’t dêrnei ta utering bringt dat er dermei ynstimt om troch it Ramtferdrach bûn te wurden, wurdt it fan krêft op de earste dei fan de moanne dy’t folget op it ferstriken fan in tiidrek fan trije moanne nei de datum fan it dellizzen fan syn akte fan bekrêftiging (ratifikaasje), oanfurdiging of goedkarring.
Kêst 29
1. Nei it fan krêft wurden fan dit Ramtferdrach en nei it rieplachtsjen fan de Ferdrachslutende Steaten kin it Komitee fan Ministers fan de Rie fan Europa troch in mearderheidsbeslút lykas bepaald yn kêst 20, letter d, fan it Statút fan de Rie fan Europa, eltse Steat dy’t gjin Lid is fan de Rie fan Europa, him noch net by it Ferdrach oansletten hat en útnoege is om te tekenjen neffens de bepalings fan kêst 27, mar dat noch net dien hat, en hokfoar oare Steat ek dy’t gjin Lid is, útnoegje om him by it Ferdrach oan te sluten.
2. Foar in Steat dy’t him oanslút, wurdt it Ramtferdrach fan krêft op de earste dei fan de moanne folgjend op it ferstriken fan in tiidrek fan trije moanne nei de datum dat de akte fan oansluting by de Sekretaris-Generaal fan de Rie fan Europa dellein is.
Kêst 30
1. In Steat kin by it ûndertekenjen of it dellizzen fan syn akte fan bekrêftiging, oanfurdiging, goedkarring of oansluting oanjaan op hokfoar grûngebiet of grûngebieten dêr’t er de ynternasjonale bannen fan behertiget, oft dit Ramtferdrach fan tapassing is.
2. In Steat kin op in lettere datum, troch in ferklearring dy’t oan de Sekretaris-Generaal fan de Rie fan Europa rjochte is, it tapassen fan dit Ramtferdrach útwreidzje ta in oar gebiet dat yn de ferklearring oanjûn wurdt. Foar dat gebiet wurdt it Ramtferdrach fan krêft op de earste dei fan de moanne folgjend op it ferstriken fan in tiidrek fan trije moanne nei de datum fan ûntfangst fan dy ferklearring troch de Sekretaris-Generaal.
3. In ferklearring dy’t ôflein is as gefolch fan de foarôfgeande twa lidden, kin foar in gebiet dat yn dy ferklearring oanjûn is, ynlutsen wurde troch in meidieling dy’t oan de Sekretaris-Genraal rjochte is. It ynlûken wurdt fan krêft op de earste dei fan de moanne folgjend op it ferstriken fan in tiidrek fan trije moanne nei de datum fan ûntfangst fan dy meidieling troch de Sekretaris-Generaal.
Kêst 31
1. Eltse Partij kin dit Ramtferdrach altiten opsizze troch in meidieling dy’t rjochte is oan de Sekretaris-Generaal fan de Rie fan Europa.
2. De opsizzing wurdt fan krêft op de earste dei fan de moanne folgjend op it ferstriken fan in tiidrek fan trije moanne nei de datum fan ûntfangst fan de meidieling troch de Sekretaris-Generaal.
Kêst 32
De Sekretaris-Generaal fan de Rie fan Europa jout de Lidsteaten fan de Rie, de oare Steaten dy’t ûndertekene hawwe en eltse Steat dy’t him oansletten hat by dit Ramtferdrach, kundskip fan:
a. eltse ûndertekening;
b. it dellizzen fan eltse akte fan bekrêftiging, oanfurdiging, goedkarring of oansluting;
c. eltse datum fan it fan krêft wurden fan dit Ramtferdrach neffens de kêsten 28, 29 en 30;
d. eltse oare hanneling, meidieling of elts oar berjocht oangeande dit Ramtferdrach.

As teken dêrfan hawwe de ûnderskreaune persoanen, dêrta nei behearren machtige, dit
Ramtferdrach ûndertekene.

Dien te Straatsboarch, op de earste febrewaris 1995, yn de Ingelske en de Frânske taal, wêrby’t beide teksten like autentyk binne, yn in inkeld eksimplaar, dat dellein wurdt yn it argyf fan de Rie fan Europa. De Sekretaris-Generaal fan de Rie fan Europa lit dêrfan foar gelikens bekrêftige ôfskriften takomme oan eltse Lidsteat fan de Rie fan Europa en oan eltse Steat dy’t útnoege is om dit Ramtferdrach te ûndertekenjen of him derby oan te sluten.


* Oersetting fan de offisjele Ingelsktalige tekst: drs. Sytze T. Hiemstra (augustus 2010)


#

No responses yet

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *