Framework Convention for the Protection of National Minorities<\/strong>
De \u2018Wet houdende goedkeuring door Nederland\u2019 fan it yn 1995 te Straatsboarch ta st\u00e2n kommen Europeesk Kaderverdrag inzake de bescherming van nationale minderheden<\/strong><\/em> (Stb. 2004, 681) is yn Nederl\u00e2n allinnich fan tapassing ferklearre op de Friezen<\/strong> (akte fan oanfurdiging, 16 febr. 2005).
De Lidsteaten fan de Rie fan Europa en oare Steaten dy\u2019t dit Ramtferdrach \u00fbndertekene
hawwe,
Oerwagende dat it doel fan de Rie fan Europa is it berikken fan in gruttere ienheid tusken syn leden mei it wyt om de idealen en begjinsels dy\u2019t harren mienskiplik erfdiel foarmje, te beskermjen en te ferw\u00eazentlikjen;
Oerwagende dat ien fan de wizen w\u00earop\u2019t dat wyt neistribbe wurde moat, it hanthavenjen en it fierder ferw\u00eazentlikjen fan de rjochten fan de minske en de f\u00fbnemintele frijheden is;
De winsk hawwende om in neiere \u00fatwurking te jaan oan de Ferklearring fan de Steatshaden en Regearingslieders fan de Lidsteaten fan de Rie fan Europa dy\u2019t op 9 oktober 1993 te Wenen oannommen is;
It f\u00easte foarnimmen hawwende om it bestean fan nasjonale minderheden op harren \u00fbnderskate gr\u00fbngebieten te beskermjen;
Oerwagende dat de \u00fbntheisterings yn de skiednis fan Europa oantoand hawwe dat it beskermjen fan nasjonale minderheden fan w\u00eazentlik belang is foar stabiliteit, demokratyske wissigens en frede yn dit wr\u00e2lddiel;
Oerwagende dat in pluralistyske en werklik demokratyske maatskippij net allinnich de etnyske, kulturele, linguistyske en religieuze (godstsjinstige) identiteit fan eltse persoan dy\u2019t beheart ta in nasjonale minderheid, heart te earbiedigjen, mar likegoed gaadlike betingsten skeppe moat om dy identiteit ta utering te bringen, te beskermjen en te \u00fbntwikkeljen;
Oerwagende dat it skeppen fan in klimaat fan ferdraachsumens en dialooch needsaaklik is om it mooglik te meitsjen dat it kulturele ferskaat net in boarne en in faktor fan ferdieldens is, mar in ferriking foar eltse maatskippij;
Oerwagende dat it ta st\u00e2n bringen fan in ferdraachsum en woltierich Europa net allinnich \u00f4fhinklik is fan gearwurking tusken Steaten, mar ek freget om gearwurking oer de grinzen hinne tusken lokale en regionale oerheden, s\u00fbnder \u00f4fbrek te dwaan oan de gr\u00fbnwet en de territoriale yntegriteit fan eltse Steat;
Mei it each op it Ferdrach foar de beskerming fan de rjochten fan de minske en de f\u00fbnemintele frijheden en de protokollen d\u00earby;
Mei it each op de ferplichtings oangeande it beskermjen fan nasjonale minderheden yn ferdraggen en ferklearrings fan de Feriene Naasjes en yn de dokuminten fan de Konferinsje oer Feiligens en Gearwurking yn Europa, benammen it Dokumint fan Keappenhaven fan 29 juny 1990;
It f\u00easte foarnimmen hawwende om de begjinsels dy\u2019t earbiedige wurde moatte en de ferplichtings dy\u2019t d\u00ear\u00fat folgje, te beskieden om yn de Lidsteaten en yn de oare Steaten dy\u2019t Partij by dizze akte wurde, de effektive beskerming fan nasjonale minderheden en fan de rjochten en frijheden fan persoanen dy\u2019t ta dy minderheid behearre, te garandearjen, yn it ramt fan de rjochtssteat, rekken h\u00e2ldend mei de territoriale yntegriteit en nasjonale soevereiniteit fan steaten;
It f\u00easte foarnimmen hawwende om de yn dit Ramtferdrach delleine begjinsels ta te passen troch de wei fan nasjonale wetjouwing en passend oerheidsbelied,
K\u00east 1<\/strong>
It beskermjen fan nasjonale minderheden en fan de rjochten en frijheden fan persoanen dy\u2019t ta dy minderheden behearre, foarmet in w\u00eazentlik \u00fbnderdiel fan de ynternasjonale beskerming fan de rjochten fan de minske en leit sadwaande binnen it berik fan de ynternasjonale gearwurking.
K\u00east 2<\/strong>
De bepalings fan dit Ramtferdrach wurde yn goetrou tapast, yn in geast fan begryp en ferdraachsumens en neffens de begjinsels fan goede neibuorskip, freonskiplike bannen en gearwurking tusken Steaten.
K\u00east 3<\/strong>
1. Eltse persoan dy\u2019t ta in nasjonale minderheid beheart, hat it rjocht om frij te kiezen om d\u00ear al of net neffens behannele te wurden en mei gjin neidiel hawwe fan dy kar of fan it \u00fatoefenjen fan rjochten dy\u2019t ferb\u00e2n h\u00e2lde mei dy kar.
K\u00east 4<\/strong>
1. De partijen ferplichtsje harren derta om oan persoanen dy\u2019t ta nasjonale minderheden behearre, it rjocht op gelikensens foar de wet en fan gelikense beskerming troch de wet te garandearjen. Wat dat oanbelanget is eltse diskriminaasje op gr\u00fbn fan it behearren ta in nasjonale minderheid ferbean.
2. De partijen ferplichtsje harren derta, d\u00ear\u2019t dat nedich is, passende maatregels te nimmen om op alle m\u00eaden fan it ekonomyske, sosjale, politike en kulturele libben folsleine en effektive lykweardigens te befoarderjen tusken persoanen dy\u2019t ta in nasjonale minderheid behearre en dyjingen dy\u2019t ta de mearderheid behearre. Wat dat oanbelanget h\u00e2lde se goed rekken mei de spesifike omstannichheden fan de persoanen dy\u2019t ta nasjonale minderheden behearre.
3. De maatregels dy\u2019t yn oerienstimming mei lid 2 nommen wurde, wurde net as in diskriminearjende hanneling besk\u00f4ge.
K\u00east 5<\/strong>
1. De Partijen ferplichtsje harren derta om de omstannichheden te befoarderjen dy\u2019t foar persoanen dy\u2019t ta nasjonale minderheden behearre, needsaaklik binne om harren kultuer yn st\u00e2n te h\u00e2lden en ta \u00fbntwikkeling te bringen en om de w\u00eazentlike eleminten fan harren identiteit, nammentlik harren religy (godstsjinst), taal, tradysjes en kultureel erfgoed te bewarjen.
2. Unfermindere maatregels dy\u2019t nommen binne as gefolch fan harren algemiene yntegraasjebelied, \u00fbnth\u00e2lde de Partijen harren fan belied of praktiken dy\u2019t rjochte binne op assimilaasje tsjin de wil fan persoanen dy\u2019t ta nasjonale minderheden behearre, en beskermje sy dy persoanen foar elts optreden dat rjochte is op sok in assimilaasje.
K\u00east 6<\/strong>
1. De Partijen stimulearje in geast fan ferdraachsumens en ynterkulturele dialooch en nimme effektive maatregels om fan wjerskanten respekt en \u00fbnderling begryp en gearwurking fuort te sterkjen tusken alle minsken dy\u2019t op harren gr\u00fbngebiet wenje, likefolle wat harren etnyske, kulturele, linguistyske of religieuze identiteit is, benammen op it m\u00ead fan \u00fbnderwiis, kultuer en media.
2. De Partijen ferplichtsje harren derta passende maatregels te nimmen om persoanen te beskermjen dy\u2019t bedrige wurde, diskriminearjende hannelings \u00fbndergeane, te lijen hawwe fan fij\u00e2nskip of geweld as gefolch fan harren etnyske, kulturele, linguistyske of religieuze identiteit.
K\u00east 7<\/strong>
De Partijen steane yn foar it earbiedigjen fan it rjocht fan eltse persoan dy\u2019t ta in nasjonale minderheid beheart, op frijheid fan freedsume gearkomste, frijheid fan feriening, frijheid fan mieningsutering en frijheid fan tinken, gewisse en religy (godstsjinst).
K\u00east 8<\/strong>
De Partijen ferplichtsje harren derta om te erkennen dat eltse persoan dy\u2019t ta in nasjonale minderheid beheart, it rjocht hat om syn of har religy (godstsjinst) of libbensoertsj\u00fbging ta utering te bringen en religieuze ynstellings, organisaasjes en ferienings op te rjochtsjen.
K\u00east 9<\/strong>
1.De Partijen ferplichtsje harren derta om te erkennen dat it rjocht op frijheid fan mieningsutering fan eltse persoan dy\u2019t ta in nasjonale minderheid beheart, mei omfettet de frijheid om opfettings te hawwen en ynformaasje en tinkbylden yn de minderheidstaal te \u00fbntfangen en oer te dragen s\u00fbnder dat de oerheid dat yn de wei stiet en s\u00fbnder regaad te slaan op grinzen. De Partijen soargje der yn it ramt fan harren rjochtsstelsel foar, dat persoanen dy\u2019t ta in nasjonale minderheid behearre, net diskriminearre wurde by harren tagong ta de media.
2. It earste lid behinderet de Partijen net om radio- en tillevyzje-omrop- of bioskoop\u00fbndernimmings s\u00fbnder diskriminaasje en op gr\u00fbn fan objektive kritearia oan in fergunningstelsel te \u00fbnderwerpen.
3. De Partijen behinderje net it oprjochtsjen en it gebr\u00fbk meitsjen fan printe media troch persoanen dy\u2019t ta nasjonale minderheden behearre. Yn it wetlik ramt fan de radio- en tillevyzje-omrop soargje sy derfoar, foarsafier\u2019t dat mooglik is en rekken h\u00e2ldend mei de bepalings fan it earste lid, dat persoanen dy\u2019t ta nasjonale minderheden behearre, de mooglikheid krije om har eigen media op te rjochtsjen en te br\u00fbken.
4. Yn it ramt fan harren rjochtsstelsel nimme Partijen passende maatregels om de tagong ta de media foar persoanen dy\u2019t ta nasjonale minderheden behearre, te ferlichtsjen en om ferdraachsumens te befoarderjen en kultureel pluralisme mooglik te meitsjen.
K\u00east 10<\/strong>
1. De Partijen ferplichtsje harren derta te erkennen dat eltse persoan dy\u2019t ta in nasjonale minderheid beheart, it rjocht hat om frij en s\u00fbnder behindering syn of har minderheidstaal te br\u00fbken, yn it priveelibben en yn it iepenbier, m\u00fbnling en op skrift.
2. Yn gebieten dy\u2019t fan \u00e2lds of dy\u2019t manmachtich bewenne wurde troch persoanen dy\u2019t ta nasjonale minderheden behearre, stribje de Partijen dernei, as dy persoanen d\u00earom freegje en d\u00ear\u2019t sok in fersyk yn in werklik ferlet foarsjocht, om, safier\u2019t dat mooglik is, de betingsten te garandearjen dy\u2019t it mooglik meitsje om de minderheidstaal te br\u00fbken yn relaasjes tusken dy persoanen en de bestjoerlike ynstellings.
3. De Partijen ferplichtsje harren derta om it rjocht fan eltse persoan dy\u2019t ta in nasjonale
minderheid beheart, te garandearjen om daliks, yn in taal dy\u2019t hy of sy ferstiet, op \u2019e hichte
brocht te wurden fan de reden foar syn of har arrestaasje en fan de aard en de reden fan in
tsjin him of har ynbrochte beskuldiging en om himsels of harsels yn dy taal te ferdigenjen, as
it nedich is mei fergeze help fan in tolk.
K\u00east 11<\/strong>
1. Yn gebieten dy\u2019t fan \u00e2lds manmachtich bewenne wurde troch persoanen dy\u2019t ta in nasjonale minderheid behearre, stribje de Partijen dernei, yn it ramt fan harren rjochtsstelsel, ynklusyf, as soks fan tapassing is, oerienkomsten mei oare Steaten, en rekken h\u00e2ldend mei harren spesifike omstannichheden, om fan \u00e2lds besteande plaknammen, strjitnammen en oare foar it publyk ornearre topografyske oantsjuttings ek yn de minderheidstaal oan te jaan as der foldwaande fraach nei sokke oantsjuttings is.
2. De Partijen ferplichtsje harren derta om te erkennen dat eltse persoan dy\u2019t ta in nasjonale minderheid beheart, it rjocht hat om syn of har skaainamme (patronym) en foarnammen yn de minderheidstaal te br\u00fbken en it rjocht hat op offisjele erkenning d\u00earfan, neffens de yn harren rjochtsstelsel f\u00eaststelde betingsten (modaliteiten).
3. De Partijen ferplichtsje harren derta om te erkennen dat eltse persoan dy\u2019t ta in nasjonale minderheid beheart, it rjocht hat om sichtber foar it publyk yn syn of har minderheidstaal tekens, opskriften en oare ynformaasje fan partikuliere aard te toanen.
K\u00east 12<\/strong>
1. Yn dat ferb\u00e2n jouwe de Partijen \u00fbnder mear foldwaande mooglikheden foar it oplieden fan learkr\u00eaften en de tagong ta learboeken en meitsje se de kontakten tusken learlingen en learkr\u00eaften fan ferskillende mienskippen makliker.
2. De Partijen nimme, d\u00ear\u2019t dat fan tapassing is, maatregels op it m\u00ead fan \u00fbnderwiis en \u00fbndersyk om de kennisse fan de kultuer, skiednis, taal en religy (godstsjinst) fan harren nasjonale minderheden, lykas dy fan de mearderheid, te kultivearjen.
3. De Partijen ferplichtsje harren derta gelikense k\u00e2nsen te befoarderjen foar de tagong ta \u00fbnderwiis op alle nivo\u2019s foar persoanen dy\u2019t ta nasjonale minderheden behearre.
K\u00east 13<\/strong>
1. De Partijen erkenne dat persoanen dy\u2019t ta in nasjonale minderheid behearre, it rjocht hawwe om yn it ramt fan harren \u00fbnderwiisstelsel harren eigen partikuliere \u00fbnderwiis- en opliedingsynstellings op te rjochtsjen en te behearen.
2. It \u00fatoefenjen fan dat rjocht liedt net ta finansjele ferplichtings foar de Partijen.
K\u00east 14<\/strong>
1. De Partijen ferplichtsje harren derta te erkennen dat eltse persoan dy\u2019t ta in nasjonale minderheid beheart, it rjocht hat om syn of har minderheidstaal te learen.
2. Yn gebieten dy\u2019t fan \u00e2lds of dy\u2019t manmachtich bewenne wurde troch persoanen dy\u2019t ta nasjonale minderheden behearre, stribje de Partijen dernei, as d\u00ear gen\u00f4ch fraach nei is, om derfoar te soargjen, safier\u2019t dat mooglik is en yn it ramt fan harren \u00fbnderwiisstelsels, dat persoanen dy\u2019t ta dy minderheden behearre, foldwaande mooglikheden hawwe om de minderheidstaal te learen of om \u00fbnderwiis yn dy taal te krijen.
3. It twadde lid fan dit k\u00east wurdt tapast \u00fbnfermindere it learen fan de offisjele taal of it \u00fbnderwizen fan dy taal.
K\u00east 15<\/strong>
De Partijen skeppe de needsaaklike betingsten foar persoanen dy\u2019t ta nasjonale minderheden behearre, om folweardich diel te nimmen oan it kulturele, sosjale en ekonomyske libben en yn iepenbiere oangelegenheden, benammen as dy harren reitsje.
K\u00east 16<\/strong>
De partijen \u00fbnth\u00e2lde harren fan maatregels dy\u2019t de ferh\u00e2ldings (proporsjes) fan de befolking yn gebieten dy\u2019t bewenne wurde troch persoanen dy\u2019t behearre ta nasjonale minderheden, feroarje en dy\u2019t rjochte binne op it beheinen fan de rjochten en frijheden dy\u2019t folgje \u00fat de begjinsels dy\u2019t yn dit Ramtferdrach f\u00eastlein binne.
K\u00east 17<\/strong>
1. De Partijen ferplichtsje harren derta om gjin ynbrek te meitsjen op it rjocht fan persoanen dy\u2019t ta nasjonale minderheden behearre, om b\u00fbten de grinzen frije en freedsume kontakten te lizzen en te \u00fbnderh\u00e2lden mei persoanen dy\u2019t legaal yn oare Steaten ferbliuwe, benammen mei dyjingen d\u00ear\u2019t se in etnyske, kulturele, linguistyske of religieuze identiteit of in kultureel erfgoed mei mien hawwe.
2. De Partijen ferplichtsje harren derta om gjin ynbrek te meitsjen op it rjocht fan persoanen dy\u2019t ta nasjonale minderheden behearre, om diel te nimmen oan de aktiviteiten fan net-g\u00fbvernemintele organisaasjes, likegoed op nasjonaal as op ynternasjonaal nivo.
K\u00east 18<\/strong>
1. De Partijen stribje dernei, d\u00ear\u2019t dat nedich is, om bilaterale en multylaterale oerienkomsten te sluten mei oare Steaten, benammen buorsteaten, om yn te stean foar it beskermjen fan persoanen dy\u2019t ta de oanbelangjende nasjonale minderheden behearre.
2. As soks fan tapassing is, nimme Partijen maatregels om gearwurking oer de grinzen hinne oan te moedigjen.
K\u00east 19<\/strong>
De Partijen ferplichtsje harren derta om de begjinsels dy\u2019t yn dit Ramtferdrach f\u00eastlein binne, te earbiedigjen en ta te passen mei, d\u00ear\u2019t dat nedich is, allinnich dy begrinzgings, beheinings of \u00f4fwikings dy\u2019t foarsjoen binne yn ynternasjonale juridyske akten, benammen it Ferdrach foar de beskerming fan de rjochten fan de minske en de f\u00fbnemintele frijheden, foarsafier\u2019t dy fan belang binne foar de rjochten en frijheden dy\u2019t folgje \u00fat de neamde begjinsels.
Titel III
K\u00east 20<\/strong>
By it \u00fatoefenjen fan de rjochten en frijheden dy\u2019t folgje \u00fat de begjinsels dy\u2019t yn dit Ramtferdrach f\u00eastlein binne, earbiediget eltse persoan dy\u2019t ta in nasjonale minderheid beheart, de nasjonale wetjouwing en de rjochten fan oaren, benammen dy fan persoanen dy\u2019t ta de mearderheid of ta oare minderheden behearre.
K\u00east 21<\/strong>
Gjin inkelde bepaling fan dit Ramtferdrach mei sa \u00fatlein wurde as soe dy it rjocht ynh\u00e2lde om in aktiviteit \u00fat de wei te setten of in hanneling te ferrjochtsjen dy\u2019t yn striid is mei de gr\u00fbnbegjinsels fan it ynternasjonale rjocht en benammen mei de soevereine gelikensens, territoriale yntegriteit en politike \u00fbn\u00f4fhinklikens fan Steaten.
K\u00east 22<\/strong>
Gjin inkelde bepaling fan dit Ramtferdrach mei sa \u00fatlein wurde as soe dy beheinings oplizze of ynbrek meitsje op de rjochten fan de minske en de f\u00fbnemintele frijheden dy\u2019t garandearre wurde kinne troch de wetten fan in Ferdrachslutende Partij of troch hokfoar oar ferdrach ek d\u00ear\u2019t er Partij by is.
K\u00east 23<\/strong>
De rjochten en frijheden dy\u2019t folgje \u00fat de yn dit Ramtferdrach opnommen begjinsels, foarsafier\u2019t dy it \u00fbnderwerp foarmje fan in soartgelikense bepaling yn it Ferdrach foar de beskerming fan de rjochten fan de minske en de f\u00fbnemintele frijheden of yn de Protokollen d\u00earby, moatte sa opfette wurde dat se strike mei de l\u00eastbedoelde bepalings.
Titel IV
K\u00east 24<\/strong>
1. It Komitee fan Ministers fan de Rie fan Europa h\u00e2ldt tafersjoch op de \u00fatfiering fan dit Ramtferdrach troch de Ferdrachslutende Partijen.
2. De Partijen dy\u2019t gjin Lid fan de Rie fan Europa binne, nimme neffens neier f\u00east te stellen betingsten (modaliteiten) diel oan it \u00fatfieringsmeganisme.
K\u00east 25<\/strong>
1. Binnen in jier nei it fan kr\u00eaft wurden fan dit Ramtferdrach foar in Ferdrachslutende Partij stjoert dy oan de Sekretaris-Generaal fan de Rie fan Europa folsleine ynformaasje oer de wetjaande en oare maatregels dy\u2019t nommen binne, om de begjinsels \u00fat te fieren dy\u2019t yn dit Ramtferdrach f\u00eastlein binne.
2. D\u00earnei stjoert eltse Partij oan de Sekretaris-Generaal, periodyk en hieltiten as it Komitee fan Ministers d\u00earom freget, alle fierdere ynformaasje ta dy\u2019t fan belang is foar it \u00fatfieren fan dit Ramtferdrach.
3. De Sekretaris-Generaal stjoert de nei oanlieding fan dit k\u00east tastjoerde ynformaasje troch oan it Komitee fan Ministers.
K\u00east 26<\/strong>
1. By it beoardieljen fan de fraach oft de troch de Partijen nommen maatregels tarikkend binne om stal te jaan oan de yn dit Ramtferdrach f\u00eastleine begjinsels, wurdt it Komitee fan Ministers bystien troch in advyskomitee, w\u00earfan\u2019t de leden erkende saakkundigens hawwe op it m\u00ead fan it beskermjen fan nasjonale minderheden.
2. De gearstalling en de wurkwize fan dat advyskomitee wurde troch it Komitee fan Ministers f\u00eaststeld binnen in termyn fan in jier nei\u2019t dit Ramtferdrach fan kr\u00eaft wurden is.
Titel V
K\u00east 27<\/strong>
Dit Ramtferdrach stiet foar de Lidsteaten fan de Rie fan Europa iepen om te \u00fbndertekenjen. Oant de datum dat it Ferdrach fan kr\u00eaft wurdt, stiet it likegoed iepen foar \u00fbndertekening troch hokfoar oare Steat ek dy\u2019t d\u00earta troch it Komitee fan Ministers \u00fatnoege is. It moat bekr\u00eaftige (ratifisearre), oanfurdige of goedkard wurde. De akten fan bekr\u00eaftiging (ratifisearring), oanfurdiging of goedkarring wurde dellein by de Sekretaris-Generaal fan de Rie fan Europa.
K\u00east 28<\/strong>
1. Dit Ramtferdrach wurdt fan kr\u00eaft op de earste dei fan de moanne dy\u2019t folget op it ferstriken fan in tiidrek fan trije moanne nei de datum w\u00earop\u2019t tolve Lidsteaten fan de Rie fan Europa harren ynstimming om troch it Ferdrach b\u00fbn te wurden, ta utering brocht hawwe konform de bepalings fan k\u00east 27.
2. Foar in Lidsteat dy\u2019t d\u00earnei ta utering bringt dat er dermei ynstimt om troch it Ramtferdrach b\u00fbn te wurden, wurdt it fan kr\u00eaft op de earste dei fan de moanne dy\u2019t folget op it ferstriken fan in tiidrek fan trije moanne nei de datum fan it dellizzen fan syn akte fan bekr\u00eaftiging (ratifikaasje), oanfurdiging of goedkarring.
K\u00east 29<\/strong>
1. Nei it fan kr\u00eaft wurden fan dit Ramtferdrach en nei it rieplachtsjen fan de Ferdrachslutende Steaten kin it Komitee fan Ministers fan de Rie fan Europa troch in mearderheidsbesl\u00fat lykas bepaald yn k\u00east 20, letter d, fan it Stat\u00fat fan de Rie fan Europa, eltse Steat dy\u2019t gjin Lid is fan de Rie fan Europa, him noch net by it Ferdrach oansletten hat en \u00fatnoege is om te tekenjen neffens de bepalings fan k\u00east 27, mar dat noch net dien hat, en hokfoar oare Steat ek dy\u2019t gjin Lid is, \u00fatnoegje om him by it Ferdrach oan te sluten.
2. Foar in Steat dy\u2019t him oansl\u00fat, wurdt it Ramtferdrach fan kr\u00eaft op de earste dei fan de moanne folgjend op it ferstriken fan in tiidrek fan trije moanne nei de datum dat de akte fan oansluting by de Sekretaris-Generaal fan de Rie fan Europa dellein is.
K\u00east 30<\/strong>
1. In Steat kin by it \u00fbndertekenjen of it dellizzen fan syn akte fan bekr\u00eaftiging, oanfurdiging, goedkarring of oansluting oanjaan op hokfoar gr\u00fbngebiet of gr\u00fbngebieten d\u00ear\u2019t er de ynternasjonale bannen fan behertiget, oft dit Ramtferdrach fan tapassing is.
2. In Steat kin op in lettere datum, troch in ferklearring dy\u2019t oan de Sekretaris-Generaal fan de Rie fan Europa rjochte is, it tapassen fan dit Ramtferdrach \u00fatwreidzje ta in oar gebiet dat yn de ferklearring oanj\u00fbn wurdt. Foar dat gebiet wurdt it Ramtferdrach fan kr\u00eaft op de earste dei fan de moanne folgjend op it ferstriken fan in tiidrek fan trije moanne nei de datum fan \u00fbntfangst fan dy ferklearring troch de Sekretaris-Generaal.
3. In ferklearring dy\u2019t \u00f4flein is as gefolch fan de foar\u00f4fgeande twa lidden, kin foar in gebiet dat yn dy ferklearring oanj\u00fbn is, ynlutsen wurde troch in meidieling dy\u2019t oan de Sekretaris-Genraal rjochte is. It ynl\u00fbken wurdt fan kr\u00eaft op de earste dei fan de moanne folgjend op it ferstriken fan in tiidrek fan trije moanne nei de datum fan \u00fbntfangst fan dy meidieling troch de Sekretaris-Generaal.
K\u00east 31<\/strong>
1. Eltse Partij kin dit Ramtferdrach altiten opsizze troch in meidieling dy\u2019t rjochte is oan de Sekretaris-Generaal fan de Rie fan Europa.
2. De opsizzing wurdt fan kr\u00eaft op de earste dei fan de moanne folgjend op it ferstriken fan in tiidrek fan trije moanne nei de datum fan \u00fbntfangst fan de meidieling troch de Sekretaris-Generaal.
K\u00east 32<\/strong>
De Sekretaris-Generaal fan de Rie fan Europa jout de Lidsteaten fan de Rie, de oare Steaten dy\u2019t \u00fbndertekene hawwe en eltse Steat dy\u2019t him oansletten hat by dit Ramtferdrach, kundskip fan:
a. eltse \u00fbndertekening;
b. it dellizzen fan eltse akte fan bekr\u00eaftiging, oanfurdiging, goedkarring of oansluting;
c. eltse datum fan it fan kr\u00eaft wurden fan dit Ramtferdrach neffens de k\u00easten 28, 29 en 30;
d. eltse oare hanneling, meidieling of elts oar berjocht oangeande dit Ramtferdrach.
As teken d\u00earfan hawwe de \u00fbnderskreaune persoanen, d\u00earta nei behearren machtige, dit
Ramtferdrach \u00fbndertekene.
\ufeff<\/p>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"
Framework Convention for the Protection of National MinoritiesDe \u2018Wet houdende goedkeuring door Nederland\u2019 […]<\/p>\n","protected":false},"author":1,"featured_media":0,"comment_status":"open","ping_status":"open","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"footnotes":""},"categories":[8,13],"tags":[],"class_list":["post-53","post","type-post","status-publish","format-standard","hentry","category-dokumintaasje","category-nijs"],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/autonomy.frl\/index.php\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/53","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/autonomy.frl\/index.php\/wp-json\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/autonomy.frl\/index.php\/wp-json\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/autonomy.frl\/index.php\/wp-json\/wp\/v2\/users\/1"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/autonomy.frl\/index.php\/wp-json\/wp\/v2\/comments?post=53"}],"version-history":[{"count":1,"href":"https:\/\/autonomy.frl\/index.php\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/53\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":54,"href":"https:\/\/autonomy.frl\/index.php\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/53\/revisions\/54"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/autonomy.frl\/index.php\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=53"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/autonomy.frl\/index.php\/wp-json\/wp\/v2\/categories?post=53"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/autonomy.frl\/index.php\/wp-json\/wp\/v2\/tags?post=53"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}